Ook over deze woning schreef Anders Japiks fan ’t Wâld een mooi stuk in de Heerenveense Courant van 17 november 1982:
Gegevens bouw
Bouwjaar: ca. 1926
Opdrachtgever: Jan Bieruma Oosting
Nijskjirrich
“De fiif bern fan ‘bakker’ Jabik Meester sille, by it sjen fan de ôfprinte foto, grif nog ris weromtinke oan’e tiid, dat hja mei harren âlden yn dat húske wennen. It hat eartiids oan de fan Bienemaleane stien, op in stee benoarden it hjoeddeiske ‘Skouting Hiem’, mar is al wer een skoft lyn ôfbrutsen. Hoewol’t it húske op’e foto lyts toant, hawwe Jabik Meester, syn frou Klaske, dy’t in suster wie fan slachter de Boer, en harren fiif bern der altyd mei nocht wenne. Heit Meester wie ‘bolkoerrinder’ bu de HAKA, lykas de Kooperaasje eartiids hiet, mar ek de bern moasten al betiid oan’e slach.
Sa hat soan Marten, dy’t nei mear as fiifentweinig jier de post yn ’t Wâld en wide omkrite rûnbrocht te hawwen no al wer wat jierren fan syn wolfertsjinne rêst geniettet, as jongknaap al mei de grientekarre op’e sutel west, wylst syn broer Jetse al jong by de boer wie, mar tuskentiden ek noch wol k`âns seach om mei syn buorjonge Henny Jonkman en syn oare maten, einenêsten leech te heljen
Bûten Meester en syn húshâlding hat der ek jierren in oarreheit (is pake) fan de bern yn ‘e hûs west, sadatder net minder as acht minsken yn it húske ûnderdak wiene. Boppedat stie der fansels yn it hûs ek nog de ynboedel, dy’t yn it hier 1927 bestie út: twa kasten, in klok, twa tafels, achttjin stuollen, twa kachels mei koalekitten ets., trije lampen, twa izeren ledikanten mei fearen- en kapokbêden, in spegel, skiderijen, kokenguod, glês- en ierderwurk, in naasmasine mei kast en taffeltsje, mar ek lúks artikels lykas twa sulveren horloazjes, in sulveren keatling, acht sulveren leppeltsjes, in gouden speldsje en twa gouden kappitelstokjes. De lêste waarden as blêdwizer brûkt. Boppedat stie en leine der yn twa hokken efter it húske twa fytsen, swarte brân, in bakkers- en in grientekarre, keapmanswaar besteande út griente en fruchten, in geit en trettjin hinnen en fansels allerhanne tún- en timmerark. Dat alles en nog mear, lykas de kleden oer de flier, de gerdinen foar de ramen en allerhanne lytsguod, hie in wearde fan krapoan sechttjin hûndert gûne. Hjoeddedei keapje foar dat bedrach alinne noch in goukeape kleurentelevysje, dat it jild is yn ‘e ôfrûne 55 jier wol en stik minder wurdich wurden.
It húske wie, krektlyk as de oare húskes yn ‘e leane, eigendom fan grutgrûnbesitter Oosting. Doe’t Meester der yn kaam te wenjen hat Oosting de foargefel fan it húske noch fernije litten en dat kinne je op’e foto wol merkbite, wat dy stiet der mooi kant by.
De buorlju fan de Meesters wiene yn dy dagen Jonkman, dy’t benoarden harren hûs in túnkerij hie en widdowfrou Wynstra, dy’t oan’e oare kante fan harren yn it húske wenne, dêr’t yn ús tiid Kees Prins noch jierren wenne ha.
Elektryk wie doe, yn 1927, noch net sa yn ‘e moade, dat sadwaande moasten de Meesters harren noch mei petroaljelampen behelpe, wylst in pomp en in reinwetterbak foar farsk wetter soarge. De leane hiet doe ek noch net ‘de fan Bienemaleane’, mar stie bekind ûnder de namme ‘It dumnyleantsje’, dit fanwege de dumny dy’t oan’e Skoatter kante fan de lean yn’e pastorije wenne. Dat wie yn dy dagen dumny Jan Kroneman, dy’t mear as seisentweintich jier op’e Skoatter kansel stien hat.
De bern fan Meester, nammentlik de soannen Marten en Jetse en de dochters Gatske, Gryt en Sipie, binne hjoeddedei noch aardich by de tiid. Ik hoopje no mar dat dizze ôflevering harren sûnens net ûndermynje sil. Mar wol is foar harren fansels de tiid fan de wylde hierren sa stadichoan foarby. Dêrom sil ik tinkt myfertuten dwaan, dat hja harren âlderhûs, dêr’t hja harren jeugd sliten ha, ris op in printsje yn’e krante tsjinkomme”.
BROM-SCOOTER UITPROBEERDER
Marten Meester reed als 60-jarige telegrambesteller een aantal maanden op deze ‘vreemdsoortige tweewieler’ rond.
Het is mede dankzij Meesters adviezen en ervaringen, dat Batavus de serieproductie startte van een nieuwe, motorisch aangedreven tweewieler, die het midden houdt tussen een brommer en een scooter.
Als ‘uitbrobeerder’, als testrijder was Meester de eerste Nederlander, die de allernieuwste Batavus-troef besteeg. Heel wat Heerenveeners hebben hem die maanden met nieuwsgierige blikken nagekeken. Omdat de nationale voorschriften een andere vellingmaat eisen, moest er speciaal voor Meester een ontheffing komen zich op z’n snelle ‘city bike’ naar z’n telegram-adressen te kunnen reppen.
Reactie van de heer Meester: “Foar myn wurk in geweldich ding. Mei glêddens ha jo de fuotten sa mar oan’e groun.
Bron: Fries Mozaiek
Of de city bike een succes is geworden is niet bekend.


