Der hawwe yn ‘e rin fan de jierren tal fan minsken yn wenne. Om in pear te neamen: de Wynstra’s, Gooitzen Jongedyk, Hylke Swart en letter mien’k noch in broer fan him, wylst yn’e oarloch de Kedde’s dêr ûnderdak wiene. Dy Kedde’s wiene gjin hynders, mar minsken fan fleis en bloed, dy’t nei de namme Kedde hearden. Hja hiene in soantsje, neamd Roelie, dy’t in saneamde fûgelfoby hie. As der in fûgel op’e wjukken gyng, begûn it lytse baaske te razen en te gûlen en omdat it yn dy tiden dêr optilde fan it fûgelguod, koed er fansels wol oan de gong bliuwe.
De bewenner fan it húske, dy’t de hjoeddeiske Wâldsters it meast ta de ferbylding spruts, wie sûnder mis Kees Prins. Prins, dy’t oarspronkelik út ‘e Knipe kaam en dêr ûnderoaren as smid wurke hat, wennet nog yn Nij-Lindenoard yn Wolvegea. Hy wie en is nog altyd een poerbêste keardel, dy’t yn syn Wâldster tiid altyd ree wie om oare minsken te helpen. Spitigernôch is er sljocht op drank, sadat er, wat syn sûnens oanbelanget, wol ris yn’e problemen rekke is. Nei syn sizzen moat er sa no en dan in romerke ha, omdat soks troch de dokters foarskreaun is, omdat syn bloedieren lêst joegen.
Der giet yn Wolvegea en wide omkriten ek een moai ferhaal oer. Prins, dy’t as frije Fries gean en stean mei, wêr’t er wol, hie ris op besite west yn it pleatslik kafé, dêr yn’e Stellingwerven. Doe’t er troch in oerdosis fan it ‘medisyn’ net meer sa bêst gean koe, gied er oan de wei stean te liftsjen. Der stoppe doe in auto, mei in aardige menear deryn dy’t Prins by syn ûnderkommen ôflevere. It die bliken, dat dy menear boargemaster fan berop wie en yn syn deistig libben oer it wolwêzen fan de bewenners fan West-Stellingwerf en dus ek oer dat fan Prins wekke (Frysk foar ‘waakte’).
Oan’t safier it húske en syn bewenners, al moat ik noch wol erkes de groetnis fan Kees oerbringe oan de Wâldsters, dy’t er altyd graach lije mocht’.